Home
Earnewâld wint SKS silerij by Terherne. Gerhard Pietersma wie tige bliid, ek al omdat er moandei noch in protest kirge. De Jouwer waard twadde, It Hearrenfean, tredde. Earnewâld helle it Jouster skûtsje healwei de wedstriid yn. It wie in spannende wedstriid, mei sa út en troch wynstjitten. De striid spile him benammen ôf om de plakken, twa, trije, en fjouwer hinne. Grou en Boalsert hiene in protest tsjin inoar. Grou ferlear dat protest.