Betingsten
Spulregels Skûtsjepool
- Alle dagen kinne jo foarsizze hokker skûtsje nûmer 1 wurdt
- Dat jildt foar sawol it SKS (Sintrale Kommisje Skûtsjesilen) en it IFKS (Iepen Fryske Kampioenskippen Skûtsjesilen)
- Jo meie alle dagen ien kear meidwaan
- Jo ynstjoering moat binnen wêze op de dei foar de wedstriid sels. Je kinne ynstjoere oant 24.00 oere foar de wedstriid fan de folgjende deis.
- Foar in fout antwurd, krije jo strafpunten. Hoe mear’t jo der neist sitte mei jo antwurd, hoe mear strafpunten jo krije. Dat wurdt automatysk berekkene en byhâlden.
- Alle dagen wint dyjinge mei de minste strafpunten in Simmer yn Fryslân badlekken
- Wa’t nei 2 wiken SKS en 1 wike IFKS de bêste foarsizzing hat (ek dat wurdt automatysk berekkene), wint de Apple iPad.
Spulregels Fierljeppool
- By de Fierljeppool giet it om it Frysk Kampioenskip Fierljeppen yn Winsum, de senioaren (Senioren A en Topklasse).
- Jo kinne de winner foarsizze én de ôfstân dy’t hy ljept hat
- Jo meie mar ien kear meidwaan
- Jo ynstjoering moat 13 augustus foar 00.00 oere binnen wêze
- De Apple iPad giet nei dyjinge dy’t beide antwurden goed hat. As we ferskate goeie antwurden binnenkrije, wurdt der lotte.
- De winners krije persoanlik berjocht
- Oer de útslach wurdt net korrespondearre
- Meiwurkers fan Omrop Fryslân wurde útsluten fan dielname
De persoanlike gegevens dy’t mei dizze aksjes by de Omrop binnen komme, sille nét brûkt wurde foar fierdere marketingdoelen.
Dizze aksje wurdt mei mooglik makke troch Dalsheim Foto Video.