weerbericht

Simmerklip

De simmerhit fan 2010 is songen troch Hermien Swart fan Hallum.

Fiel de sudewyn ris waaien
’t Is in moaie simmerdei,
Kom dan hise wy de seilen yn top
En wy geane mei ús skip it wetter op

Op en del, it ûneindige wetter
De wyn dy nimt ús mei,
Op it hjitst fan de dei
Hin’ en wer, it wurdt stadichoan letter
Yn de fierte is it lân
En dêr lizze wy oan! 

Fiel de wyn
En sjoch de blauwe loft
Sjoch it wetter glânzgjen
Yn it sinneljocht
Hear de weagen brûzjen,
sjoch de see sa wiid
lit de wyn mar waaie
En ferjit de tiid!

Yn de lijte fan de reiden,
Underbrekke wy ús reis,
En wy bliuwe op it eilân totdat
De wyn ús wer it sein jout foar de start

Op en del, yn it ljocht fan de sinne
Wy ha de gong der yn,
Troch de krêft fan de wyn,
Hin’ en wer, dêr’t de weagen ús bringe,
En draait de wyn him om,
Dan gean wy werom

Op in dei komt in ein oan de simmer
Leit it skip mei de seilen út de wyn
Wa sil my dan nei de haven ta bringe?
Ik pak it tou en ik smyt it miskien.... nei dy!

Klik mei de rjochtermûsknop op 'Download hjir' en selektearje 'Doel Opslaan'

Download hjir de Simmerringtone

Download hjir de Simmerhit

De fideoklip fan Fiel de wyn is mei mooglik makke troch:
- Twirre Watersport yn Langwar
- Passantenhaven Langwar
- de hearen Bijl en Rijpkema (minicamping Rijpkema) fan de pream
- Rinsma fashion en trends
- Johan Roosma (Roosma Schilders)
- De blazers Willem, Onno, Richard en Feike (Bigband Leeuwarden)
- Mondharmonicartyst Bas Kleine
- alle figuranten!