Simmersnipper
Fan wike 27 ôf komt acht wiken lang de Simmersnipper op ‘e radio en televyzje. Alle dagen, útsein sneins, is der in fragmint fan 1 à 2 sekonden út in bekende simmerhit fan de lêste 50 jier te hearren.
Prizen
Deipriis: Alle dagen wurdt der ien winner lutsen dy't in Simmer yn Fryslân-pet en de nije Simmer yn Fryslân-CD wint.
Wykpriis: Op moandeis wurdt de wykpriis lutsen. Dy priis bestiet út in simmerske strântas mei tal fan Simmer yn Fryslân produkten, wêrûnder in lúkse badlekken.
Haadpriis: Oan 'e ein fan de simmer meitsje alle dielnimmers, dy't in goed antwurd mei de Simmersnipper ynfold hawwe, kâns op ien fan de twa spiksplinternije fytsen.
Klik hjir foar alle priiswinners
* It telefoannûmer moat sûnder spaties en streepkes skreaun wurde.