Winners fan de PC-, fierljep- en skûtsjepool 201
PC-pool: Johannes Miedema
Fierljeppool: Sylvia Schalekamp
Skûtsjepool: K. Kamstra
Lokwinske! In soad wille mei jimme spiksplinternije iPad!
Bart Helmholt ljept 21.10 yn de finale fan it FK fierljeppen
Bart Helmholt hat yn de finale fan it FK fierljeppen 21.10 sprongen. Hy wint dêrmei foar de tredde kear op rige de Sulveren Pols. Hy mei de wikselpriis dêrom hâlde. Hiel bliid makke er in salto yn it wetter.By de jonges wûn Age Hulder. By de froulju Hiske Galama en by de junioaren Nard Brandsma. In soad ljeppers ha in wietsprong yn de finale yn Winsum om't se in soad risiko nimme mei de lêste mooglikheid om fier te kommen.
By de senioaren yn de finale wie Ysbrand Galama twad (19.84), Thewis Hobma tred (19.63), Hannes Scherjon fjirde (19.04) en Henk Schievink fyfde (19.00).
De simmer sit der wer op!
11 wiken simmerspektakel mei aktiviteiten as ûnder oaren de PC, it fierljeppen en it skûtsjesilen wie it in geweldige Simmer...
Oant Simmer yn Fryslân 2011